'Help pake en beppe de fakânsje troch'

29 feb 2016 - 12:23

De earste skoalfakânsje fan 2016 is begûn! In protte minsken binne op fakânsje nei de snie, mar ek in soad Friezen bliuwe lekker thús. En wat is dêr dan te dwaan? No, kinst bygelyks nei in museum! Dizze wike wurdt foar de 15e kear in aktiviteitewike organisearre troch Museumfederaasje Fryslân mei as tema: Help Pake en Beppe de fakânsje troch! Dat betsjut dat je as bern pake en beppe meinimme nei in museum, de bern der fergees yn meie.

Sawat 35 museums yn Fryslân dogge mei oan de temawike en hawwe ûnder oare spesjale aktiviteiten foar bern lykas in fjoertoertocht of in workshop kanon sjitte. De wike duorret oant en mei freed 4 maart. Dit jier krijt de Museumfederaasje Fryslân ek wer in subsydzje fan de provinsje foar de temawike. De federaasje moast it de ôfrûne jierren sûnder dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)