Nei 74 jier wer in Matthäus Passion yn Abbegea

28 feb 2016 - 16:17

De doarptsjerke fan Abbegea siet sneon folslein fol foar in hiel bysûndere útfiering fan de Matthäus-Passion. It gie om in rekonstruksje fan de útfiering fan 74 jier lyn. Doe waard it stik fan Bach foar de earste kear útfierd yn Abbegea. In unike prestaasje yn oarlochstiid om't it in soad tiid en mankracht kostet.

Der waard lykwols al gau dúdlik dat de romte eins te lyts wie. De útfiering waard ferpleatst nei de Martinitsjerke yn Boalsert en dêr wurdt it noch altyd spile.

Op 27 maart sjoert Omrop Fryslân in dokumintêre oer dizze Matthäus Passion út.

Trefwurden: 
Matthäus Passion Abbegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)