SC Hearrenfean wint mei 1-0 fan De Graafschap

SC Hearrenfean hat de útwedstriid tsjin De Graafschap mei 1-0 wûn. Yn de earste helte wie De Graafschap de bettere ploech en mochten de Friezen bliid wêze dat se net achter kamen te stean, want de superboeren krigen grutte kânsen. Fuort yn de earste minút miste Vermeij al in dikke kâns en yn de alfde minút waard in goal fan El Jebli ôfkard, omdat hy in oertreding makke.
Nei de tee kaam Hearrenfean der wat mear oan te pas en yn de 68e minút skoarde Morten Thorsby út de rebound de 1-0. SC Hearrenfean stiet no op it 11e plak mei 33 punten.
It ferlies fan De Graafschap is geunstich foar Cambuur, sy stean no net mear ûnderoan, mar ien-nei-ûnderste mei 16 punten út 25 wedstriden. De Graafschap hat twa punten minder.