Minsken keapje oldtimers as ynvestearring
De ferkeap fan Oldtimers fan 40 jier of âlder sit flink yn de lift. Yn 2015 waarden mar leafst 14.000 fan dizze âlde auto's ferkocht. Dat is goed 40% mear as yn 2011. Reden is dat sûnt 2012 allinnich auto's dy't 40 jier of âlder binne noch profitearje kinne fan alle belestingfoardielen. Foarhinne wiene dat alle auto's dy't âlder wiene as 25 jier.
De groei yn ferkeap fan dy echt âlde auto's fernimt ek Albert Braaksma fan Continental Cars yn Jobbegea. Neffens him keapje de minsken de auto's benammen as ynvestearring.
De oldtimers binne ridlik weardefêst en as it dan ek noch ien syn hobby is dan is it moai meinaam, sa seit Braaksma.