Kenneth Otigba net ynsetber tsjin De Graafschap

Kenneth Otigba © awfoto.nl
SC Hearrenfean-spiler Kenneth Otigba kin snein net meispylje yn de wedstriid tsjin De Graafschap yn Doetinchem. De ferdigener hat tefolle lêst fan de rêch en sil de wedstriid fan de kant besjen moatte.
Undertusken hoopje de Cambuursupporters dat de Feansters de wedstriid winne sille, want dat is foar Cambuur fan grut belang yn de striid om degradaasje te ûntrinnen. Cambuur stiet nei de winst tsjin PEC Zwolle mei 16 punten op it 17e plak, De Graafschap hat 14 punten.