Kandidaten socht foar Karakteristykpriis Tytsjerksteradiel

28 feb 2016 - 11:03
  • De Krústsjerke fan Burugm is sa'n karakteristyk gebou

Gebouwen en huzen yn de gemeente Tytsjerksteradiel kinne oant 20 maart oanmelden wurde foar de Karakteristykpriis. Dat is in inisjatyf fan de Stichting Karakteristyk Tytsjerksteradiel. Dy kent de priis ta as oanmoediging foar it behâld en herstel fan it kultureel erfguod yn de gemeente.

Om foar de Karakteristykpriis yn de beneaming te kommen, moatte karakteristike gebouwen of monuminten foar 1 jannewaris fan dit jier restaurearre of yn orizjinele steat werom brocht wêze.

In sjuery beoardielet de gebouwen en jout advys oan it bestjoer fan de Stichting Karakteristyk Tytsjerksteradiel. De priiswinner krijt in plakette en 500 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)