Boartsjende bern fine fjoerwapen yn it gers

28 feb 2016 - 09:35

Boartsjende bern hawwe sneontemiddei op in gersfjild op de Carolinenburg yn de Ljouwerter wyk Camminghaburen in fjoerwapen fûn. De plysje waard warskôge en dy gie derhinne. Sy hawwe it wapen meinaam. It wurdt ûndersocht.

It is ûndudlik hoe't it fjoerwapen op it gersfjild telâne kaam is.

Trefwurden: 
fjoerwapen plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)