It Amelân bliid oer fiskbeslút

24 apr 2012 - 21:19

Wethâlder Will Bakema fan de gemeente It Amelân is tige bliid dat it steandwantfiskjen op de eilannen mooglik bliuwt. Steandwantfiskjen is it fiskjen mei steande netten, lyk as fûken. It regear hat dit yn earste ynstânsje ferbean, omdat dizze wize fan fiskjen in soad skea jaan koe oan bygelyks brúnfisken en iel.

Steatssiktaris Bleker hat no in útsûndering makke foar ûnder oaren de Fryske Waadeilannen. Wannear't it om in ieuwenâlde tradysje giet, meie guon fiskers trochgean mei dizze wize fan fiskjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)