Marrit Leenstra sakket nei 6e plak op WK sprint yn Seoul

Marrit Leenstra © awfoto.nl
Marrit Leenstra stiet nei trije ôfstannen op it WK sprint yn Seoul op it sechsde plak. Op de twadde 500 meter waard se 11e yn 38.84, wylst se sneon in sânde tiid delsette. Foar it klassemint betsjut dit dat Marrit Leenstra sakke is nei in sechsde plak.
De 500 meter waard wûn troch Brittany Bowe yn 37.86, krekt net in baanrekôr. McLean waard twadde yn 38.15 en de tredde tiid wie foar Heather Richardson-Bergsma. Jorien Ter Mors die it ek wat minder as sneon yn 38.58. Sy stiet noch wol tredde yn it klassemint.