Plysje fynt deade man yn auto op de A7 by De Jouwer

28 feb 2016 - 09:25

Op de A7 fanút Snits nei De Jouwer is sneintemoarn in deade man oantroffen yn syn auto. Letter waard bekend dat it om in 30-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân giet. In automobilist dy't foarby ried, seach om kertier oer achten hinne de auto yn de sleat lizzen en warskôge de plysje. Dy gie derhinne en konstatearre dat de bestjoerder ferstoarn wie.

De plysje tinkt dat de man nachts in ûngelok hân hat. Dêr wiene gjin oare auto's by belutsen. De plysje docht fierder ûndersyk nei de krekte oarsaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)