UNIS Flyers wint ek fan Nijmegen

27 feb 2016 - 22:16

UNIS Flyers hat sneontejûn de thúswedstriid tsjin Nijmegen mei 5-1 wûn. De perioadestannen wiene 3-1, 1-0 en 1-0. Pippo Limnell, Yan Turcotte en Tony Demelinne makken it ferskil yn de earste perioade. Brent Janssen skoarde yn de twadde perioade en opnij Demelinne yn de lêste perioade.

Sneintejûn is de lêste reguliere wedstriid. Dan nimt UNIS Flyers it yn België op tsjin Turnhout. Dêrnei begjinne de play-offs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)