Auto yn de sleat by botsing op de A7 by Drachten

By de botsing bedarre ien fan de auto's yn de sleat © De Vries Media
Op de A7 by Drachten is sneontemiddei in auto yn de sleat rekke nei in botsing mei in oare auto. Dy bedarre yn de berm. De beide auto's rieden rjochting It Hearrenfean en botsten tusken Drachten en Beetstersweach op elkoar.
It traumateam út Grins waard oproppen om it ambulânsepersoniel te helpen by de behanneling fan de ferwûnen. Underweis nei it ûngelok waard harren ynset lykwols ôfsein. It is noch ûndudlik hoefolle minsken der krekt ferwûne rekke binne.