Fal soarget foar problemen

24 apr 2012 - 20:52

De fal fan it kabinet Rutte soarget foar flinke problemen by Fryske gemeenten. Dat seit wethâlder Sjoerd Tolsma fan Súdwest-Fryslân.

De gemeenten binne al in skoft dwaande mei de tarieding fan nije wetten lykas de wet werken naar vermogen en it oernimmen fan de jeugdsoarch. Dizze driigje no 'kontroversieel' ferklearre te wurden. Hjirtroch witte de gemeenten net wêr't se oan ta binne en kinne se harren boargers net goed ynformeare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)