Famke falt fan it hynder en rekket slim ferwûne

27 feb 2016 - 17:00

In famke is sneontemiddei op de Kooiwei by Jistrum slim ferwûne rekke doe't se fan in hynder foel. It is noch net dúdlik hoe't dat gebeure koe. It famke foel hurd op de grûn en is mei de ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht. Der rukten twa ambulânses en ek meardere plysje-auto's út.

De traumahelikopter út Grins waard ek oproppen. De arts fan de hely is yn de ambulânse stapt om it famke te beglieden nei it UMCG.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)