Harkemase Boys spilet mei 1-1 lyk by Staphorst

27 feb 2016 - 16:31
  • Jesse Renken

Harkemase Boys, koprinner yn de haadklasse C, hat sneon mei 1-1 lykspile by Staphorst. Al nei 11 minuten kamen de Harkiten op efterstân. It waard noch slimmer doe't Oebele Schokker mei read nei de kant moast. Op slach fan rêst krige Robert Stelpstra noch in grutte kâns, mar hy fersomme te skoaren. Nei rêst soarge Jesse Renken mei in snoeihurde pegel foar de lykmakker. De treffer soarge foar nije kriich by de Boys, mar in winner kaam der úteinlik net.

Troch it lykspul komme de Harkiten op 42 punten út 17 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)