Roek smyt mei stiennen fan acht meter heech

27 feb 2016 - 14:57
  • In roek op It Hearrenfean smyt mei stiennen

De plysje op It Hearrenfean krige freed in bysûndere melding oer in roek dy't mei stiennen oan it smiten wie. Neffens de melder smiet de roek fan in acht meter heech dakje stiennen nei ûnderen. Dat soe neffens de melder libbengefaarlik wêze. Doe't de plysje kaam wie de fûgel fuortflein, mar de stiennen leine noch wol op de grûn. De plysje hat se meinaam nei it buro. De melder sil moandei kontakt opnimme mei de gemeente om te sjen wat der dien wurde kin om dit tenei foar te kommen. Neffens de plysje tinkt de melder oan ôfsjitten fan de roek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)