Peter de Jong nimt ôfskie as foarsitter SKS

Peter de Jong doe't hy foarsitter wie fan de SKS. © Martin de Jong
Peter de Jong fan Snits hâldt op as foarsitter fan de SKS, de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen. Op de algemiene ledegearkomste fan 12 maart nimt er ôfskied. Mei 16 jier yn it SKS-bestjoer slút De Jong de maksimale sittingsperioade ôf.
Hy begûn syn bestjoerslidmaatskip yn 2000 yn de funksje fan sekretaris. Yn 2008 waard er vice-foarsitter en sûnt 2010 is er foarsitter. René Nagelhout fan Wâldsein folget De Jong op. Hy is no noch sekretaris fan de SKS.