Trettjin nasjonaliteiten oan de start fan de Vikingrace

Dit wykein wurdt de 28e edysje fan de Vikingrace ferriden op Thialf. Oan it ynternasjonale reedrydtoernoai foar de jeugd stean 288 riders oan de start. It toernoai duorret twa dagen en wurdt ôfsletten mei it Vikingfeest. De riders komme út trettjin ferskillende lannen, mei dit kear sels trije dielnimmers út Spanje.
Yn seis ferskillende leeftiidskategoryen komme de bêste jongeren fan Europa tsjinelkoar út.