Soarch oer spjirringfiskerij

24 apr 2012 - 18:22

Fûgelbeskerming Nederlân hat yn in brief oan it ministearje fan ekonomyske saken en de provinsje Fryslân frege om fluch ta in duorsume oplossing te kommen foar de spjirringfiskerij op de Iselmar. Neffens de Fûgelbeskerming is der nei de útspraak fan de Raad van State yn maart, wêryn't de fergunning foar spjirringfiskerij útsteld waard, dochs op de fisksoart fiske.

Neffens harren hawwe de provinsjes Fryslân, Flevolân en Noard-Hollân net goed genôch hanthavene. De Fûgelbeskerming wol no sa gau as mooglik mei alle partijen om tafel.

Sy binne benaud foar de gefolgen foar de fiskitende fûgels yn it gebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)