Kollum: "Simpel"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert hat fan 'e wike sprutsen. Geweldige man. Fryslân wurdt aanst ien gemeente sei hy. Hearlik. De provinsjale steaten wurde gemeenteried en dêrtroch tweintich kear sa machtich. Den Haach sidderet al, kin net mear ferdiele en hearskje. En wy sitte der net mear mei dat se yn de iene gemeente teste hoe swier as de karbydknallen binne en yn de oare net.
Inkel, Deinum wol earst mar ris sjen hoe´t it mei de kommende ôfsprutsen weryndielingen giet. Dan sjogge we wol fierder. Nee, Deinum, dan binne we al 2018. Simpel: as we no al witte dat Fryslân aanst ien gemeente wurdt, dan moatte we dêr no nei ta wurkje. Al dy net telle kinnende boargemasters fuortsmite en bouwe oan ien gemeente Fryslân. Simpel.
De steaten fan Fryslân wolle dat der in langere piip op de REC yn Harns komt. Hoe lang? Ja, dat witte we net, dat moat ûndersyk mar útwize. Ja kom no, jim sizze dat der no daliks wat barre moat, en dan no wer ûndersyk. En hoe sa in langere piip. As dy sa koart is as no, 44 meter, dan donderet dy dioksine dus ticht by de ûne del. Dus in langere piip, dan donderet it wer wat fierder fuort. No en we ha hjir hast altyd súdwestewyn, dus dy dioksine donderet yn Winaam of Seisbierrum del, stean se dêr wer mei dioksine-aaien yn it lân te mjêkjen. En dan stiet de PvdA de hiele dei dioksine te mjitten yn de haven fan Harns, hjir is it goed. It is dochs hiel simpel: der mei neat fan dy rommel deldonderje want dat is net goed. Kin in ôffaloven net draaie sûnder útstjit: ôfbrekke. Wêr’t we dan mei de rommel hinne moatte: yn de gatten fan de gas- en sâltwinning ûnder de grûn. Of sa. Simpel.
Der bin de lêste wiken safolle ferhalen ferskynd oer de tunnel by de Drachtsterbrêge om op it Drachtsterplein te kommen, we hawwe it oer Ljouwert hear, dat ynienen binne de bewenners der flakby ek skril wurden. Ferjit net dat hiel Fryslân yndertiid sein hat, dy minsken dy’t dêr wenje krij der goed lêst fan. No, we hienen se noch net heard, mar as de Ljouwerter Krante sa skreaut dan komme se by inoar. Allegear lulke lûden fansels. De moaiste fûn ik: der hie ek wolris ien sa no en dan lâns komme kinnen om alles te fertellen. O, jim ha dochs in krante. No dêr stiet mear yn as dat dy minsken ea fertelle mochten en kinnen hienen. Op de ein fan de jûn  kaam it klear: we moatte eins mar kompensaasje ha. Jild dus. Tsja, dat stiet net yn de mooglikheden. Mar deputearre Sietske Poepjes wol as it dêr te drok wurdt mei de wurksumheden as in leave moeke de lju wol ûnderbringe yn in hotel. Trije jier modderje en no ynienen yn in hotel. Kosten: de bouwer. Dy giet fallyt en de hiele rommel duorret noch fiif jier foardat it klear is mei sinten en grûnankers. Brek dy huzen ôf en lit dy lju earne oars wenje. Simpel.
Der bin fan dy tradysjes. Der wurdt praat earne in AZC del te setten, dan komt der in protestoptocht. Fan de minsken dy’t roppe fan in gefaar foar ús bern en froulju. Guon ha net iens bern of wiif. Yn Feanwâlden wie it fan 'e wike sa silich, dêr wiene mar sa´n pear protestanten, dat boargemaster Heldoorn fan Dantumadiel sei: ach jimme meie der ek wol ynkomme, wy prate der mei gewoane minsken oer. Mar dan moat jim net mei de hiele ploech yn ien kear der ynkomme, mar ien foar ien. Wat sil er gnyske ha. Wat steurt oan ditsoarte dingen is dat se safolle omtinken krije yn de media. Dêrom, wer hiel simpel, moat it ien kear efkes oarsom. Alle Nederlanners dy´t fine dat wy ús bêst dwaan moatte om de ferhûddûke lju fan de oarloch yn Syrië op te fangen geane yn in feestlike optocht troch de strjitten. Allegear. Dan blykt pas hoe lyts de groep fan nee-sizzers is. Hooplik ha se dan sels ek yn de gaten dat se mar mei in pear binne, en slute se har oan by dy lange lange optocht. Simpel."