Boubedriuw Friso hellet miljoeneklus op Teksel binnen

27 feb 2016 - 09:04

It Snitser boubedriuw Friso hat in miljoene-opdracht krigen, se meie de dykfersterking opTeksel oanpakke. De wetterkearing fan it eilân foldocht net langer oan de feilichheidseasken en moat fersterke wurde. It Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier hat de opdracht jûn oan de Combinatie Tessel, dêr't ek Friso ûnderdiel fan is.

De Snitsers sille trije grutte gemalen slope en nij bouwe. Dêrneist is Friso belutsen by de bou fan daamwanden op it eilân. It wurk begjint dit jier en wurdt yn 2020 oplevere.

Trefwurden: 
Friso Teksel dykfersterking
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)