Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys winne fan Reiger Boys

26 feb 2016 - 22:50

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn mei 4-2 wûn fan de froulju fan Reiger Boys. It wie in wichtige oerwinning yn de striid om play-off plakken. Drachtster Boys stie fjirde, Reiger Boys twadde. Drachtster Boys kaam fuortendaliks op foarsprong. Debutant Bernou Hylkema scoarde de 1-0. Dêrnei krige ek Reiger Boys wol kânsen, mar it wie Vera Veelers dy de 2-0 makke. Reiger Boys makke noch wol 2-1 út in corner, mar Sanne Bijlstra sette fuort dêrnei de 3-1 op it scoreboerd.

Flak foar rêst kaam Reiger Boys opnij werom, mei in frije traap makke de ploech 3-2. Nei rêst krigen beiden ploegen noch wol kânsen, mar pas flak foar de ein scoarde Shannon Viet de 4-2. Troch de oerwinning stiet Drachtster Boys no op it twadde plak yn de kompetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)