Plannen foar apparteminten by eardere Blughut yn Aldeberkeap

26 feb 2016 - 22:03

Der moatte apparteminten foar âlderein komme op it terrein fan de eardere Blughut yn Aldeberkeap. Arsjitekt Max van Huut presintearre freedtejûn syn plannen dêrfoar oan it doarp. Dêryn steane tekeningen foar apparteminten neffens in buorkerij- of hôfmodel. De nije wenningen binne benammen bedoeld foar senioaren, om't der yn Aldeberkeap hast gjin wenromte foar dizze doelgroep is. Dy lûke dêrtroch hieltyd mear fuort.

Filla's

De gemeente Eaststellingwerf hat hiel oare ideeën foar it Blughut-terrein. Sy wolle dêr graach trije grutte filla's bouwe foar it 'hege segmint'. Net dwaan, sizze de inisjatyfnimmers fan de apparteminten. Dêrmei wurdt de krimp yn it doarp allinnich mar mear befoardere, tinke se. 

Westerbork

De Blughut is in eardere barak út Kamp Westerbork. Yn de jierren '50 is it gebou nei Aldeberkeap helle. Dêr hat it tsjinst dien as ûnder oaren beukerskoalle en jongerensintrum. Mei de komst fan it nije multyfunksjonele sintrum yn it doarp waard de Blughut oerstallich en is it sloopt. 

Artysten

Yn de Blughut hawwe ek artysten lykas Lenny Kuhr en Rob de Nijs noch optreden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)