Froulju SC Hearrenfean ferlieze fan FC Twente

26 feb 2016 - 21:35

De froulju fan SC Hearrenfean binne freedtejûn mei 2-0 ûnderút gong tsjin FC Twente. De froulju fan FC Twente starten goed oan de wedstriid. Yn de fjirde minút kaam de thúsploech op 1-0 nei in doelpunt fan Maayke Heuver. Flak dêrnei like it 2-0 te wurden, mar de goal fan Jill Roord waard ôfkard fanwegen bûtenspul. De 1-0 wie ek de rêststân.

Nei rêst wreide Twente de foarsprong fierder út. Yn de 58e minút makke Renate Jansen de 2-0. Dat wie ek de einstân. Troch it ferlies bliuwe de Feanfroulju op it fyfde plak yn de kompetysje stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)