Histoaryske bedsteewand ûntbleate yn Warkum

26 feb 2016 - 16:53

In tige seldsume bedsteewand stiet nei sawat fyftich jier wer op syn plak yn Warkum. De bedsteewand is de ôfrûne moannen kompleet renovearre troch feriening Hendrick de Keyser. Yn de achttjinde iuw hat de eigener de bedstee út it hûs helle om fan de keamer in koetshûs te meitsjen, dat seit Carlo Huijts direkteur fan de feriening. 

Ek it histoaryske hûs dêr't de bedsteewand yn stiet is op opknapt troch de feriening. De bedsteewand stie al jierren yn in depot en it hat ek in skoftsje yn it Suderseemuseum en it Fries Museum stien.

400 huzen

Yn it histoaryske hûs is aanst ek de mooglikheid om de bedsteewand te besjen, om't der yn de foarkeamer fan it hûs in winkel komme sil. Feriening Hendrick de Keyser hat yntusken sawat 400 huzen yn it besit dy't sy geregeld renovearje litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)