Dantumadiel warskôget foar oplichters oan de doar

It gemeentehûs fan Dantumadiel © Omrop Fryslân
De gemeente Dantumadiel warskôget foar oplichters dy't aktyf binne yn de gemeente. It giet om minsken dy't by de doarren delgean en oanbiede de ôffalkontener skjin te meitsjen en minsken by te praten oer it nije ôffalbelied. De minsken sizze boppedat dat se gearwurkje mei de gemeente.
Dantumadiel hat lykwols hielendal gjin gearwurkingsferbân mei dizze minsken. De plysje is op de hichte fan de saak. Wa't de oplichters oan de doar krijt, wurdt oanret de plysje te beljen.