Himpôffal dumpt yn Haulsterbosk by Haskerhoarne
In grutte partij dumpt himpôffal is freed fûn yn de Haulsterbosk by Haskerhoarne. De plysje fûn it ôffal yn sa'n 15 grutte plestik pûden. Ek lizze der jerrycans mei gemikaliën en bakjes dy't brûkt wurde yn himpkwekerijen.
De plysje freget tsjûgen om har te melden.