Otigba fan SC Hearrenfean útskeakele troch rêchblessuere

Hearrenfeanspiler Kenneth Otigba hat freedtemoarn it trainingsfjild ferlitten mei in rêchblessuere. De ferdigener gie troch syn rêch en koe net fierder. It is noch ûnwis of Otigba snein yn Doetinchem tsjin De Graafschap meidwaan kin. Hy kaam krekt werom fan in skorsing.
As Otigba net meidocht, dan spilet Foppe de Haan mei deselde alve spilers as tsjin NEC. SC Hearrenfean spilet snein tsjin de nûmer 17 De Graafschap. Dy ploech helle nei de winterstop njoggen punten en klom dêrmei nei it 17e plak ta skea fan Cambuur.
De opstelling nei alle gedachten: Mulder, Van Anholt, St. Juste, Van Aken, Cavlan, Marzo, Van den Berg, Thorsby, Zeneli, Veerman en Larsson.