Erik Bakker kin wer spylje foar Cambuur

Erik Bakker kin wer spylje foar Cambuur. De middenfjilder rekke yn de wedstriid tsjin ADO Den Haach op 24 jannewaris blessearre oan it ankel. Bakker hat de hiele wike meitraind en sil seker spylminuten krije yn de thúswedstriid sneon tsjin PEC Zwolle.
Trainer Marcel Keizer hat de beskikking oer in sa goed as fitte seleksje. Ek Calvin Mac-Intosch kin wer spylje. Jamiro Monteiro is skorst nei syn reade kaart ferline wike yn de wedstriid tsjin FC Twente. Keizer woe gjin opstelling jaan, mar it liket der op dat Martijn Barto as spits begjint.
Cambuur begjint nei alle gedachten mei de folgjende spilers: Nienhuis, Vytas, Van der Laan, Lachman, Peersman, Overgoor, Byrne, Bakker, Van de Streek, Narsingh, Barto.