Frysk lid Jonge Democraten oanhâlden foar driichtweet

26 feb 2016 - 09:37
  • De driichtweet oan Wilders

It lid fan de Jonge Democraten Fryslân dy't fia Twitter PVV-foaroanman Geert Wilders bedrige, hat him melden by de plysje. Dy hat him oanhâlden en sil him hearre oer de bedriging.

It lid pleatste in Tweet mei de tekst 'Geert Wilders, kom een keer naar Drachten. Ik schiet een kogel door je kut kop. Ik snij je open en voer je aan de varkens'. Nei oanleiding fan de Tweet ha de Jonge Democraten de twitteraar út de partij set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)