Brân blust yn wenning oan Rykswei by Koatstertille

26 feb 2016 - 08:10

De brânwacht hat freedtemoarn in brân blust yn in frijsteande wenning oan de Rykswei by Koatstertille. Om de brânwacht de romte te jaan om te blussen, waard de N355 tusken de ôfslach Jistrum en de rotonde by Twizel tydlik ôfsletten.

It dak fan de wenning rûn in soad skea op. Der rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
brân wenning Koatstertille
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)