Ljouwerter leit grutte messen op bar yn kafee

26 feb 2016 - 07:40

In 39-jierrige Ljouwerter is tongersdeitenacht om twa oere hinne oanhâlden nei't er in swurd en in mes op de bar lein hie yn in kafee oan it Reigerplein yn Ljouwert. Oare besikers skrokken bot fan de man en naaiden út. Se warskôgen de plysje, dy't de man oppakte.

De messen binne yn beslach naam, de man sit noch fêst foar fierder ûndersyk. De hûn dy't de Ljouwerter by him hie, is ophelle troch in freon fan him.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)