"Kombinearje sinne- en wynenerzjy, dat is goedkeaper"

26 feb 2016 - 09:03
  • Westra yn Frjentsjer

It opwekken fan skjinne enerzjy kin in stik goedkeaper, troch sinne- en wynenerzjy te kombinearjen. Want as de sinne skynt, waait it faak net. En oarsom. Dat konsept waard freed presintearre op it bedriuw fan Feite Westra yn Frjentsjer.

It enerzjybedriuw wit fan gjin inkeld oar plak op de wrâld dêr't it sa giet. Yn alle gefallen is dizze kombinaasje unyk foar Nederlân. Wylst it sa ienfâldich liket. Trochdat wyn- en sinneparken by mekoar steane, is der mar ien oansluting nedich op it enerzjynet. Gjin twa.

Stroomprodusinten besparje sa 20.000 oant 60.000 euro oan oanslutingskosten. En ek it ûnderhâld wurdt in stik goedkeaper. Neffens it enerzjybedriuw kin it op termyn om miljoenen euro's gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)