"Skaalfergrutting giet fierder, ek nei gemeentefúzjes 2018"

De bestjoerlike skaalfergrutting sil trochgean, ek nei de kommende weryndieling fan 2018. Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert spruts dy ferwachting tongersdei út op in sympoasium oer stêd en doarp yn Mantgum.
It sympoasium wie organisearre troch it Stedsgewest Ljouwert. Dy organisaasje ferdwynt yn 2018, as de gemeenten Ljouwerteradiel en in grut part fan Littenseradiel mei Ljouwert fusearje. Ljouwert krijt der dan in soad doarpen by en dat betsjut dat stêd en doarpen goed gearwurkje moatte.
"Hiel Fryslân ien gemeente"
It iepenbier bestjoer kin neffens Deinum noch folle effisjinter, ek nei de kommende weryndieling. Hy sjocht foar de langere termyn wol wat yn ien gemeente Fryslân. Dat is lykwols takomstmuzyk. Earst moat de weryndieling fan 2018 yn goede banen laat wurde.
Romte foar selsbestjoer
Wat wethâlder Deinum oanbelanget krije doarpen en stedswiken de romte om sels mei te bestjoeren. It sympoasium oer stêd en doarp luts tongersdeitejûn in lytse hûndert dielnimmers.