Rjochter feroardielet himptelers ta boete fan heal miljoen

Fjouwer ynwenners fan Grinslân dy't feroardiele binne foar it ferbouwen fan himp yn Fryslân en Grinslân, moatte mear as in heal miljoen euro werombetelje. It giet om in bedrach fan 537. 000 euro. Safolle hawwe se neffens de rjochtbank fertsjinne mei it ferbouwen en ferkeapjen fan de himp. It Iepenbier Ministearje woe eins hast in miljoen euro fan de fjouwer dealers hawwe.
It kwartet waard fjouwer jier lyn pakt yn in grutte kwekerij yn Hurdegaryp. Dêr stiene mear as trijetûzen himpplanten en hûndert kilo oan himptoppen.
Ut ûndersyk die bliken dat de Grinslanners ek himpkwekerijen yn ûnder oare Ljouwert, Drachten en Grinslân hienen.