Undernimmer mei wetterskybaan oanlizze by De Potten

Undernimmer Taco Hofman fan Heech hat tastimming foar in wetterskybaan yn De Potten by Offenwier. De gemeenteried hat tongersdeitejûn ynstimd mei de plannen. Allinnich SP, FNP en GrienLinks wienen tsjin.
Hofman ferwachtet dat de earste peal septimber al de grûn yn kin. Dat giet dan om de bou fan it paviljoen dat by de wetterskybaan heart. De oanlis dêrfan begjint nei alle gedachten yn desimber of jannewaris. As alles goed giet, kin de wetterskybaan april takom jier iepen.
"It wurdt der net feiliger op"
De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hie nei oanlieding fan de plannen yn De Potten wol soargen oer de ferkearssitewaasje yn Offenwier. De nije foarsjenningen lûke, as it goed is ekstra toeristen, wat it der net feiliger op makket op de diken.
Undersyk
De ferkearssitewaasje yn Offenwier is al jierren in punt fan soarch. In mearderheid fan de ried hat de wethâlder dan ek opdroegen om binnen trije moannen ûndersyk te dwaan nei in oplossing foar de ferkearsproblemen yn it doarp.