Gemeente Hearrenfean ferstjoert opnij enkête oer WMO-ferfier

25 feb 2016 - 20:32
  • WMO-ferfier

De gemeente Hearrenfean sil opnij enkêtes oer it WMO-ferfier ferstjoere. Earder melde de gemeente dat út ûndersyk bliken dien hie dat gebrûkers fan it WMO-ferfier tefreden wienen.

Mar út Jobbegea en Hoarnstersweach wienen in soad klachten kaam. Ut ûndersyk hat no bliken dien dat oer de hiele gemeente goed 80 prosint fan de gebrûkers in enkête krigen hat, mar yn Jobbegea en omkriten minder as 30 prosint. Dêrom krije de minsken dêr dochs noch in enkête.

Ynwenners út Jobbegea en Hoarnstersweach hawwe oant twa kear twa in swartboek oan de gemeente oanbean mei klachten oer it ferfier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)