COA giet no ek akkoart mei 200 asylsikers yn Wytmarsum

25 feb 2016 - 19:51

It COA wol no twahûndert yn plak fan trijehûndert asylsikers yn in takomstich azc yn Wytmarsum hawwe. Dat makke boargemaster Hayo Apotheker tongersdeitejûn bekend op in riedsfergadering.

It COA hâldt yn prinsipe trijehûndert asylsikers as minimum oan foar in azc yn ferbân mei de kosten. Mar om't de gemeente Súdwest-Fryslân ek al seishûndert minsken opfange sil yn in nij azc yn Snits, wol it COA in útsûndering meitsje.

De gemeente hat de moanne maart oanwiisd foar it oanpassen fan de plannen. Yn dy tiid kin Doarpsbelang Wytmarsum ek de plande enkête oer it azc hâlde. De bedoeling is dat de gemeenteried dan yn april in beslút nimme kin oer de komst fan in azc yn Wytmarsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)