Gemeente Súdwest-Fryslân lit eigen keunst sjen

25 feb 2016 - 19:09

Eksperts meitsje twa kolleksjes mei keunst fan Súdwest-Fryslân. De gemeente hat ûndersyk dwaan litten nei alle keunst dy't de gemeente yn syn besit hat. Dêr die út bliken dat it mei-inoar om wol 3500 objekten giet. De saakkundigen sille dy opdiele yn twa kolleksjes: 'kultuerhistoarje' en 'moderne keunst'. In part fan de keunst wurdt miskien ek fuortdien.

De saakkundigen komme freed foar it earst by-inoar om it oer de keunst te hawwen. Se sille ek in ferdieling meitsje.

Trefwurden: 
Súdwest-Fryslân keunst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)