22 moannen selstraf easke foar wenningoerfal op nijjiersdei

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje hat tongersdeitemiddei 22 moanne sel easke tsjin in Ljouwerter (25) foar in wenningoerfal yn Winschoten. In 33-jierrige man út Grinslân soe twa jier de sel yn moatte. De twa soenen op nijjiersdei 2014 in man thús yn Winschoten oerfallen hawwe. It slachtoffer hat it duo besketten mei in krúsbôge, mar hy miste. De fertochten bedrigen de man mei de dea. Se namen úteinlik jild, wat himp, in laptop en telefoan mei.
De plysje kaam de twa op it spoar yn in ûndersyk nei in gizeling yn Uithuzen yn Grinslân.
Yn de saak-Uithuzen sitte de Ljouwerter en de Grinslanner op it stuit finzenisstraffen út fan twa en trije jier.