Klanderij earste grutte kantoar dat omboud is ta wenromte

De gemeente Ljouwert en de provinsje hawwe plannen om grutte kantoargebouwen om te bouwen ta wenromte. Der is benammen grut ferlet fan apparteminten en huzen foar jongeren. Wethâlder Henk Deinum fynt de kantoarombou in goede oplossing foar de wenningneed.
It earste grutte gebou is al klear: it eardere hotel en kantoarkompleks De Klanderij yn Ljouwert is ferboud ta in wenningkompleks mei sawat fyftich duorsume apparteminten. Alle apparteminten binne al fersein.
Wachtlist
Op it stuit is der in wachtlist fan hûnderten minsken dy't foar in appartemint yn oanmerking komme wolle.
Nul enerzjykosten
De kosten foar it hieren fan in appartemint yn De Klanderij binne sawat fiifhûndert euro de moanne. De enerzjykosten binne neffens de gemeente om de nul euro hinne. Dat komt omdat de studio's duorsum makke binne, seit Deinum.
Fries om utens
By de finansiering fan de ferbouwing fan it wenningkompleks De Klanderij wie ek in Fries om utens belutsen. Klaas (Ken) van der Laan fan De Harkema, dy't no no yn Kanada wennet, hat neist de provinsje in grut diel fan de finansiering foar syn rekken naam. De Fries hat in soad ûnderfining mei it ynvestearjen yn grutte gebouwen. Om't er yn Kanada wennet en syn bedriuw dêr hat, soe it oantreklik wêze foar him om te ynvestearjen yn it bûtenlân. It is net bekend oft er dat by mear gebouwen yn Fryslân dwaan sil.