Rendert Algra ferlit De Unie

24 apr 2012 - 16:10
  • Rendert Algra

Rendert Algra fan Jobbegea leit syn funksje as foarsitter fan fakbûn De Unie del. Dat is tiisdei bekend wurden. Der is tusken him en it bestjoer fan De Unie in grut ferskil fan miening oer it wol of net meidwaan oan de DNV, De Nieuwe Vakbeweging, wêrta de FNV omfoarme wurdt.

It bestjoer wol selsstannich bliuwe, Algra wol partisipearje yn de DNV. Algra hat de foarsittershammer oerdroegen oan de fise-foarsitter. Algra wie sûnt 1 juny 2010 earste man fan De Unie. Dêrfoar siet er foar it CDA yn de Twadde Keamer en yn provinsjale steaten.

Algra wie ek in skoft gemeenteriedslid fan de gemeente Hearrenfean. Rendert Algbra is no fan doel om in eigen bedriuw te begjinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)