Smartwurk wol ZZP'ers keppelje oan opdrachtjouwers KH2018

25 feb 2016 - 15:26

Minsken dy't in rol spylje wolle yn Ljouwert Kulturele Haadstêd, kinne dêrfoar te plak op it online platfoarm Smartwurk.nl. Dêr kinne ZZP'ers en studinten in profyl oanmeitsje, sadat opdrachtjouwers sjen kinne wa't wat foar harren betsjutte kin. De organisaasje fan Kulturele Haadstêd sjocht yn it platfoarm in kâns om talint út de regio te keppeljen oan opdrachtjouwers. De organisaasje krijt in soad oanfragen fan minsken dy't harren tsjinsten oanbiede.

Yn oanrin nei 2018 wurdt in soad organisearre dêr't saakkundigens foar nedich is. Fia Smartwurk kinne dy minsken elkoar no fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)