Sikehûs Tsjongerskâns krijt der 145 parkearplakken by

25 feb 2016 - 14:39
  • De Tsjongerskâns op It Hearrenfean

Sikehûs De Tsjongerskans op It Hearrenfean krijt der 145 parkearplakken by. Dy komme op it plak fan de eardere skoalle De Oerset oan de Van Helomaleane. De nije parkearplakken binne foar de eigen meiwurkers. Sy setten oant no ta de auto op it grutte parkearterrein del. It tal fan fiifhûndert parkearplakken is yn de nije situaasje oprûn ta 645.

It sikehûs woe eins 200 plakken oanlizze, mar ûndertusken is it haadgebou fan de skoalle in gemeentlik monumint wurden en mei net sloopt wurde.

It sikehûs keapet it terrein foar 580.000 euro fan de gemeente. Hearrenfean is dermei ek ôf fan de jierlikse eksploitaasjekosten fan 106.000 euro foar it skoalgebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)