Bakhuzen Better moat mear jonge ynwenners lûke

De aksje Bakhuzen Better moat derfoar soargje dat der mear jonge minsken yn it doarp wenje wolle. Yn Bakhuzen wenje sa'n 1000 minsken en der stean fyftjin huzen te keap. It doarp hat lêst fan fergrizing. Woansdei hawwe de bewenners op útnûging fan doarpsbelang byelkoar west om oer de plannen te praten.
Dat levere in soad ideeën op: mear foarsjennings foar âlderein, boartersplak foar de bern, gesellich doarpspleintsje, it doarpshûs opknappe. Pleatslik Belang sil mei de gemeente De Fryske Marrren beprate wat der mooglik is.