Soarch op maat hâldt minsken oan it wurk

25 feb 2016 - 12:18

Mear as 600 meiwurkers fan Thússoarch Súdwest-Fryslân driigje harren baan te ferliezen as de wurkwize net feroaret. De Antonius Soarchgroep yn Snits ferliest alle jierren in miljoen euro op de thússoarch.

De soarchgroep hat dêrom in plan presintearre foar mear soarch op maat, dat de thússoarch better betelber meitsje moat. Dêrby giet minder tiid sitten yn regels en administraasje. Ek moat it WMO-budzjet oars ferdield wurde. Gean gemeenten en it Ryk net akkoart, dan ferlieze de 630 meiwurkers harren baan. Mei it plan hâldt 80% syn baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)