Twa Fryske Scapino's moatte de doarren slute

Twa fan de achttjin Scapino-winkels yn Fryslân slute de doarren. It giet om de winkel op De Gordyk en it filiaal oan de Foarstreek yn Ljouwert. Dy lêste sil fan 1 maart ôf foarearst noch iepen bliuwe as outlet.
Moandei- en tiisdeitemoarn hawwe alle meiwurkers fan de Scapino te hearren krigen oft se iepen bliuwe kinne. Der is noch neat bekend oer hoefolle minsken yn Fryslân dien krije.