"Yn winterske buien bliuwt it gefaarlik glêd op de diken"

25 feb 2016 - 10:28

It KNMI hat foar tongersdei koade giel ôfjûn foar glêdens. Rûnom yn de provinsje is wol struid, mar de winterske buien kinne de hiele dei foar ûnferwachte glêdens soargje,

De glêdens hat tongersdeitemoarn foar twa ûngelokken soarge. By Reahel rekke in auto yn de sleat neist de dyk en op de Frjentsjerterdyk by Tsjom bedarre in auto op de kop yn de sleat. De bestjoerster koe sels út de auto komme en kaam mei de skrik frij. Bergers hawwe de auto út it wetter takele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)