Topstik fan Jan Mankes kocht troch museum Belvédère

Museum Belvédère yn Oranjewâld hat op in feiling in topstik fan skilder Jan Mankes kocht. It giet om it wurk 'Slootje met overhangende dopheide', dat Mankes yn 1914 skildere yn de buert fan De Knipe. It is neffens it museum bysûnder om't it wurk mei 'de blik naar beneden' skildere is, dêrtroch sit der in soad djipte yn it wurk.
It skilderij is it fiifde wurk fan Mankes dat it museum binnen it jier keapje koe en krijt in plak yn de fêste eksposysje yn it museum.
De oanskaf is mei mooglik makke troch bydragen fan de Ottema-Kingma Stichting, de Feriening Rembrandt, de BankGiro Loterij en it Temafûns Moderne en Hjoeddeistige Keunst.