Fryske sjaal fan trije kilometer makke yn Scheveningen

25 feb 2016 - 08:49

Bewenners fan fersoargingshûs it Uiterjoon yn Scheveningen ha mei 3,3 kilometer de langste Fryske sjaal ea breide. De bewenners hawwe 26 moannen dwaande west om de sjaal te meitsjen. It idee ûntstie by in kreamiddei. Nei in Dútske en Spaanske middei wie der ek in Fryske middei.

De bewenners tochten dat se mei in healjier wol klear wêze soene, mar dat waard 26 moanne. De 94-jierrige frou De Jong hat mei 1200 meter it langste ein breide. De sjaal is oanmelden by it Guiness Book of Records, mar dy moat de sjaal noch opmjitte.

De Tjonger-skotsploech wie woansdei yn Scheveningen foar in optreden foar de bewenners fan it Uiterjoon en koe de sjaal bewûnderje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)